<

Wikselbeker foar Annet Bouma

Buitenpost, 8 februari 2017

Hjoed kaam Jelle Bangma fan de organisaasje fan it FeRstival nei it Lauwers Kolleezje. Hy kaam om de wikselbeker foar de trochsetters oan Annet Bouma te jaan.

Foar Annet wie dit in grutte ferrassing. Jelle Bangma hat noch efkes sjen litten dat der grutte nammen op de beker steane. Mar dat de namme fan Annet Bouma én it Lauwers Kolleezje der no ek écht by hearre. Fan de klasgenoaten krige Annet in grut applaus... Wy binne allegearre tige grutsk op Annet!

Wolst Annet har gedicht: “de acht hynders fan it Amelân” noch ris hearre en sjen? klik dan op de link dy’t fan Annet makke is yn it programma Noardewyn fan Omrop Fryslân: Video