<

Sukses by de heale finale fan it FeRstival

Buitenpost, 16 november 2015

It wie freed de 13de mar net foar it Lauwers Kolleezje.
Want it wie in spannende dei, nammentlik de heale finale fan it FeRstival

Sân dielnimmers hawwe... in soad oefene... en geweldich har bêst dien!
Spitich koenen: Marrit Waringa, Renske van Duinen en Patrick Alma krékt net troch... mar...
Lieke Dam, Mathilda Weening, Annet Bouma en Marijke Brandsma geane nei dé finale yn it Posthuis op it Hearrenfean!!

Lokwinske!

Allegearre fan herten wolkom op sneon 12 desimer om dizze dielnimmers te stypjen.