<

Heale finale fan it 75ste FeRstival yn Snits

Buitenpost, 20 november 2017

Bêste minsken,

Freed wie de heale finale fan it 75ste FeRstival yn Snits.
Indy, Janna, Trudie, Mirte (fan 1F) en Marije (fan 1E) dienen mei foar de Starters.
Foar de Trochsetters dienen: Lolkje, Marissa en Rianne (2G en 2F) mei.
En foar de Toppers die Annet (4V) mei.
It nivo wie hiel heech, de konkurrinsje grut mar wy hawwe twa finalisten!
Marije én Annet sille op 16 desimber it Lauwers Kolleezje fertsjintwurdigje.
Súper dien froulju!

Sytske van Assen