<

75 jier FeRstival

Buitenpost, 13 november 2017

It is wer safier!

Freed 17 novimber is de heale finale fan it FeRstival.
It is in jublieum want al yn 1942 is de Provinsjale Underwiisrie úteinset mei “in kriich yn it foardragen fan Fryske poëzij”
Dit is de 75ste  kear en dat wurdt dus in bysûndere edysje fan it FeRstival .
Bekende winners wienen: Rients Gratema, Riek Landman, Nynke Laverman en Tet Rozendal…. Mar ék ús Annet dy’t ferline jier de 1e priis helle.

 Foar it LC dogge mei:

  • Indy 1F
  • Janna 1F
  • Trudie 1F
  • Marije 1E
  • Mirte 1F
  • Lolkje 2F
  • Marissa 2G
  • Rianne 2G
  • Annet 4V

Dizze froulju hawwe in hiel soad oefene en hoopje dat sy nei de Finale meie.
In skouderklopke is altyd wolkom … mar jimme kinne fansels ek delkomme.
Sy hawwe fans nedich!

Freed 17 novimber yn Bowling/Partycentrum De Stolp yn Snits.. it begjint om 13.30 oere.
Wy hoopje op in prachtige 75ste edysje fan FeRstival!

Groetnis Sytske van Assen